Klaas Fokkinga Mei hert foar de âldereinSenioaren telle. Altyd! NIJE SOARCH  Soarch foar ús ynwenners moat leechdrompelich en berikber wêze. Ik bin foar it behâld en mooglike útwreiding fan de spoedsoarch yn de Sionsberg.  In sûne libbensstyl is wichtich foar it sosjaal domein fan no en de takomst. Ik leau yn de krêft fan minsken om om te gean mei harren eigen fysike en mentale sûnens.  De gemeente helpt minsken dêrby troch in sûn libben te stimulearjen en wolwêzen, wenjen en ûnderwiis fierder mei inoar te ferflechtsjen.  De gemeente heart in aktive rol te spyljen yn it stimulearjen fan lokale inisjativen dy’t bydrage oan in sûne omjouwing om yn te wenjen en libjen, sa as bloeisônes en soarchbuerthuzen.  It is wichtich om effisjint mei soarchjild om te gean. De wyksuster moat werom komme as regisseur en sintraal oansprekpunt foar minsken yn de doarpen en wiken. It soe winsklik wêze as de ferpleechkundige soarch hjirop oansletten wurdt.  Ik wol wurkje oan in âlderen-freonlike maatskippij. Bygelyks troch frijwilligers te stimulearjen om buertsupers en buerttaksys yn stân te hâlden, ûnnedige burokrasy te skrassen en troch wurkjouwers te stimulearjen om oan mantelsoargjende wurknimmers in fergees boadskiptsjinst en/of kulturele aktiviteiten oan te bieden.  Bewege en sport binne wichtige ûnderdielen fan in previntyf sûnensbelied. Om hjir rekken mei te hâlden sil dit opnommen wurde moatte yn de omjouwingsfisy fan de gemeente.  Ynvestearje yn mear fyts- en rinpaden yn en om doarpen, dy’t wêr mooglik rjocht dogge oan de histoaryske situaasje fan eartiids is wichtich. Foar al dizze saken -en mear- giet de FNP!